Drege tagong fersoargingshûs

26 aug 2014 - 12:55
  • Kuierstôk (argyffoto)

Der komme grutte problemen yn de âldereinsoarch, omdat it foar âlderen hieltyd dreger wurdt om yn in fersoargingshûs te kommen. De thússoarch krijt it dêrtroch folle drokker. Gemeenten binne it kommende jier ferantwurdlik foar de thússoarch en it is noch maar de fraach oft dy dêr klear foar binne.

Neffens Evert Fokkema, direkteur fan soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum, sille de soarchpreemjes nei 2015 flink omheech gean en sil der mear sosjale ûnrêst komme, trochdat bern harren âlden fersoargje moatte.

Margreet de Graaf fan Zorgbelang Friesland is optimistysker. Sy ferwachtet dat de problemen tafalle, salang't minsken har problemen dúdlik meitsje by de gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)