Cambuur rint jild mis

26 aug 2014 - 12:28

Cambuur rint de kommende wiken sa'n 10.000 euro mis, omdat der by de thúswedstriden tsjin Den Haach en Grins gjin publyk yn it útfak sit. Den Haach komt sneon op besite en snein oer twa wike is Grins yn Ljouwert te gast. Den Haach hâldt de supporters sels thús fanwege misdragings op de tribune yn it foarige seizoen. Grins hat fanwege misdragings fan de supporters in straf fan de KNVB krigen.

Kommersjeel direkteur Ard de Graaf fan Cambuur fynt it skande dat der gjin útsupporters komme fanwege de sfear yn it stadion en de ynkomsten dy't de klup mis rint. As it stadion útferkocht rekket is it mooglik dat Cambuur de kaarten oan de eigen supporters oanbiede sil.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)