Bewenner bedriget meiwurkster

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemiddei in 20-jierrige man út Ljouwert oppakt foar bedriging. Dat wie by in soarchynstelling oan de Huzumerleane yn de stêd. In 29-jierrige meiwurkster warskôge de plysje omdat sy bedrige waard troch de man. Wylst de frou har ferhaal die, kaam de man deroan. Hy is oanholden en nei it plysjeburo brocht. Hy sit noch fêst. De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.