Noch gjin hjerst yn Fryslân

26 aug 2014 - 10:30

It liket wol wat ta te fallen mei hjerstferskynsels yn de Fryske natoer. Wylst der út oare parten fan Nederlân berjochten komme dat it yn de natoer al hjerst liket, sjocht distrikthaad Hans Pietersma fan It Fryske Gea dêr yn syn gebiet yn it súdwesten fan Fryslân en de Iselmarkust net folle fan.

It waar bûten Fryslân hat folle ekstremer west, dêr komme no meldings dat der sweltsjes dea gean troch it wiete en kâlde waar. Hjir binne wol wat mear poddestuollen en hjir en dêr in beam mei wat hjerstkleuren, mar net mear as oare jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)