'Ruslân benaud foar tekoart'

25 aug 2014 - 20:23

De Russen binne benaud foar in grut tekoart oan iten troch de boykot dy't harren president Poetin ôfkundige hat op iten út Europa. Dat seit Fokke Meirink fan Winaam. Meirink is al jierren foarljochter op grutte lânboukorporaasjes yn Ruslân foar in siedteeltbedriuw. Hy is op it stuit yn Ruslân.

Neffens Meirink is de oanpassing fan de boykot wol in opstekker foar de Russen. Sûnt ferline wike is de ynfier fan molkprodukten, fitaminen, sied en poaters út Europa wer tastien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)