Noch gjin oername Cosmo Trucks

Tsjustere wolken boppe Cosmo Trucks yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Alle festigings fan it fallite Cosmo Trucks sitte fan tiisdei ôf op slot. Dat betsjut dat de jildkraan tichtdraaid is en der gjin nije opdrachten mear oannaam wurde kinne. Fan it wykein mislearre in oername fan Cosmo Trucks troch de Mossel Groep. No wurdt besjoen oft de festigings fan Cosmo los fan elkoar ferkocht wurde kinne. Dêr moat dizze wike mear dúdlikens oer komme.
Cosmo Trucks is in bedriuw dat frachtauto's ûnderhâldt. It hat festigings yn û.o. Ljouwert, Boalsert, Sint Anne en op It Hearrenfean. Mei-inoar wurkje dêr 55 minsken.