Rjochtsaak oer gifmoarden

25 aug 2014 - 17:48

De rjochtsaak tsjin de 52-jierrige frou út Boxmeer dy't fertocht wurdt fan de moard op har twa echtgenoaten út Frjentsjer en Enkhuzen, is op 29 oktober. Dat hat moandei bliken dien op de saneamde proforma sitting. De fertochte is ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht.

De frou waard yn novimber oanhâlden op fertinking fan moard. Se soe beide manlju fergiftige ha. Ut seksje op de stoflike omskotten hat bliken dien dat der gif yn de lichems siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)