Lêste ferkeapen foar Videoland

Videoland op de Voorstreek yn Ljouwert hat dizze wike útferkeap, want se hâlde der mei op. Dêrmei komt in ein oan 30 jier trouwe ferkeap fan films yn Ljouwert. Gjin taastbere fideobannen en DVD's mear, dat is de realiteit fan no. Der is op dit stuit noch mar ien Videoland-winkel oer yn Fryslân en dy stiet yn Dokkum.
Eigener Paul Hasker is der siik fan, mar kin der net mear omhinne: 'Nije ûntwikkelings soargje der foar dat der hast gjin klanten mear yn de fideoteek komme.' De útferkeap fan Videoland rint noch oant takom snein.