Gjin treinen Snits-Starum

25 aug 2014 - 16:39

It kommende wykein ride der bussen yn stee fan treinen tusken Snits en Starum. Reizgers moatte rekken hâlde mei in langere reistiid fan maksimaal ien oere. Ferfierder Arriva warskôget boppedat dat yn de ferfangende bussen gjin plak is om fytsen mei te nimmen.

Dit wykein is it stoomfestival en dêrom rydt der in stoomtrein tusken Snits en Starum. Minsken mei in festivalkaartsje kinne mei dizze spesjale trein mei.

Trefwurden: 
Snits Starum stoomtrein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)