Plysjeminsken ûntslein

© ANP XTRA
Twa meiwurkers fan de plysje Noard-Nederlân binne ûntslein. It giet om in plysjefrou en in frijwillige meiwurker fan de plysje. By de frou giet it om "ernstig plichtsverzuim", se wie earder al fertocht fan it plegen fan strafbere feiten en dêrfoar skorst. Undersyk hat no laat ta ûntslach.
De frijwillige plysjeman hat him skuldich makke oan geweld. Ek hy hat nei ûndersyk dien krigen.