Frjentsjer hâldt fytsers apart

25 aug 2014 - 14:31

It fytsersbûn en de gemeente Frjentsjerteradiel begjinne woansdei mei in proef mei in maksimumsnelheid op it fytspaad. Fytsers dy't hurder gean as 30 kilometer yn de oere, moatte ferplicht de dyk op. It fytsersbûn en de gemeente wolle mei dizze proef it effekt op de ferkearsfeiligens mjitte. Neffens it fytsersbûn wurde de snelheidsferskillen op it fytspaad hieltyd grutter, ûnder oare troch elektryske fytsen, racefytsen en lisfytsen.

It ûndersyk wurdt dien op twa plakken yn de gemeente Frjentsjerteradiel, dêr komme spesjale buorden te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)