Glemmer Beach tenei earder

De organisaasje fan it Glemmer Beach Festival op it strân fan De Lemmer wol it muzykfestival tenei earder hâlde. Yn oerlis mei de gemeente De Fryske Marren soe it ein juny wurde moatte. Dat seit Anthonie de Vries, ien fan de organisatoaren. Glemmer Beach wie it ôfrûne wykein foar de fyfde kear. Mei goed 22.000 besikers luts it festival likefolle minsken as ferline jier.
Foar Kids Glemmer, mei allegear aktiviteiten foar bern op sneon, wie sels mear belangstelling as ferline jier. Dêr kamen hast 6000 bern en âlden op ôf.