Drokte by ferbou Frl. Bank

Tal fan boubedriuwen binne hurd oan it wurk om de eardere Friesland Bank yn Ljouwert klear te krijen foar de nije bewenner de Rabobank. De oanpassings moatte foar 1 septimber klear wêze. Neffens de Rabobank ferrinne de wurksumheden neffens planning. De Rabobank besiket by de ferbouwing ferskate byldbepalende eleminten fan de Friesland Bank te behâlden en sichtber te meitsjen foar besikers.
Sa is fan de âlde klûs no in trochgong makke. Sa kinne minsken de eardere klûsdoar en de dikke klûsmuorren sjen.
Op de ferskillende etaazjes fan it gebou wurde flekswurkplakken foar it personiel ynrjochte. De boppeste ferdjipping mei in moai útsjoch oer stêd is ferboud ta gearkomsteromte foar grutte groepen. Mooglik is dy romte yn de takomst ek te reservearjen troch oare bedriuwen.