Lanlike koade foar wynmûnen

25 aug 2014 - 12:02

De Fryske wynmûne-eksploitanten kinne neat mei de gedrachskoade fan de lanlike feriening fan wynmûne-eigeners, de NWEA. Neffens Halbe Klijnstra, foarsitter fan de Fryske wynmûne-eksploitanten, giet de koade lang net fier genôch en sil dy it draachflak foar it pleatsen fan wynmûneparken net ferheegje. Neffens de koade moat der jierliks 3000 euro per mûne yn in omjouwingsfûns stoarten wurde. Oer it fergoedzjen fan planskea foar bewenners is neat opnommen yn de koade.

Dat moat wol neffens Klijnstra, want yn Fryslân krije omwennenden wol in fergoeding as de plannen fan nije wynmûneparken trochgean. Jaap Warners fan de NWEA seit dat de koade in basis is. As der yn Fryslân mear mooglik is, kin dat.

Undernimmers dy't nije wynmûneparken yn Fryslân oanlizze wolle, binne gemiddeld twa kear safolle jild kwyt om draachflak te krijen foar de parken, as de lannelike gedrachskoade foarskriuwt. Yn de koade stjit dat de eksploitant jierliks 3000 euro per mûne yn in fûns foar de omjouwing stoarte moat. Oer kompensaasje oan omwennenden, fanwege oerlêst, wurdt neat sein. Neffens Sjoerd Mensenides, ien fan de inisjatyfnimmers fan it plan Sieswert by Hichtum krije de omlizzende doarpen jierliks 10.000 euro, en de direkt omwennenden krije jierliks in bedrach fan 250, 500, 1200 euro of mear. Dat hinget ôf fan hoefier't se fan de wynmûnen ôf wenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)