Wer 48 Hours Film yn Ljouwert

Ljouwert docht dit jier foar de twadde kear mei oan it 48 Hour Film Project. Filmmakkers moatte binnen 48 oeren in koarte film meitsje. Yn dy 48 oeren moatte se in skript skriuwe, de film opnimme en ôfwurkje. By de start krije de dielnimmers noch in oantal ferplichte eleminten mei, bygelyks in personaazje of it sjenre.
It 48 Hour Film Project is in Amerikaansk inisjatyf út 2001. Der dogge yntusken goed 140 stêden oan mei. De bêste film fan elke stêd wurdt fertoand yn Hollywood.
De start is dit jier op 31 oktober. De films moatte 2 novimber klear wêze. Dêrnei binne se te sjen op it Noordelijk Film Festival, dat 5 novimber begjint.