Bûtenlanners yn natuerbehear

Achttjin jongeren út ûnder oare Turkije, Ruslân, Japan, Dútslân, Spanje, Grikelân en Slowakije sille fan moandei oant en mei 6 septimber oan de slach yn gebieten fan Steatsboskbehear yn Noard-Fryslân. Der wurdt ûnder oare hea ôffierd en planten en beammen wurde snoeid. De wurksumheden binne wichtich foar it natuerbehâld yn de Noardlike Fryske Wâlden.