Klopjacht op trije ynbrekkers

De plysje hat moandeitemoarn betiid twa ynwenners fan Den Haach fan 26 en 36 jier en in 40-jierrige ynwenner fan Nootdorp oppakt foar in ynbraak by in camping yn Wâldsein. De manlju hiene besocht yn in kantoar fan de camping in klûs te stellen. Se waarden betrape en wiene útnaaid.
De plysje hat it terrein ôfsletten, socht mei hûnen en in helikopter. Ien fan de fertochten wie yn it wetter sprongen om oan de plysje te ûntkommen. Hy koe as earste oanhâlden wurde.
Mei de helikopter waard dêrnei de twadde ynbrekker fûn. Hy hie him yn de strûken ferstoppe. Even letter koe ek de tredde fertochte oppakt wurde. Se sitte fêst. Harren auto is yn beslach naam.