Waar spulbrekker NK wynsurfen

24 aug 2014 - 16:25

It Iepen NK wynsurfen yn Starum hat dit wykein bot lêst hân fan it waar. Om't der grutte kâns wie dat út de tsjustere wolken boppe de Iselmar swiere tongerbuien komme soene, moasten in protte wedstriden healweis ôfkapt wurde.

It Nasjonaal Kampioenskip wurdt oer in oantal wykeinen hâlden. Sa binne yn septimber en oktober noch races yn Lelystêd en Brouwersdam. De wedstriden fan sneon en snein hoege dêrtroch net ynhelle te wurden. Starum is neffens de organisaasje lykwols wol in hiel ideaal plak foar de NK wedstriden.

Ien Fries stiet no yn de top trije, it twadde plak is foarearst foar Teade de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)