Bitgum: takom jier sels lotsje

24 aug 2014 - 15:24

De KNKB hat snein keatsferiening OKK Bitgum tasein dat se takom jier foar har keatsdagen sels lotsje meie. Dit jier woe de keatsferiening ek al sels lotsje. De KNKB ferbiedt dit om't der sintraal lotte wurde moat fanwege it rankingsysteem. Krekt as yn Makkum earder, drigen ek de keatspartijen yn Bitgum oanmurken te wurden as wylde partijen as der sels lotte wurde soe.

Bitgum mei takom jier by it 120-jierrich bestean sels lotsje. Boppedat sille op de frije formaasjepartij 12 partoeren op de list komme yn stee fan 10.

Dan wurdt yn Bitgum ek wer om hynders keatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)