Ekspo oer Belgen yn Gaasterlân

24 aug 2014 - 15:02

De útstalling oer Belgyske flechtlingen yn Gaasterlân yn de Earste Wrâldoarloch is sneon offisjeel iepene. It histoarysk wurkferbân Gaasterlân hat it organisearre en der komme noch trije yn de kommende trije jier. In soad Belgyske soldaten desertearden yn de oarloch en 3.000 dêrfan ha fjouwer jier lang yn ien fan de seis kampen yn Gaasterlân sitten. Op de útstalling yn besikerssintrum Mar en Klif yn Aldemardum, binne foto's, kaarten, dokuminten en foarwerpen fan de Belgen te besjen.

Gaasterlân wie geskikt om de Belgen te ynternearjen, omdat de regio tusken de marren leit en mei in stik of fiif wachtposten maklik ôf te sluten wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)