Van Anholt hopet op transfer

Pele van Anholt hopet dat hy syn lêste wedstriid foar SC Hearrenfean spile hat. De Boalserter hat in fersyk foar in transfer dellein by Hearrenfean. Neffens Van Anholt hat in klup ynteresse yn him. Welke klup dat is, kin Van Anholt net sizze, mar neffens him giet it om in Nederlânske klup, dy't "normaal boven Heerenveen eindigt," sa seit Van Anholt.
Moandei hat syn saakwaarnimmer in petear mei manager fuotbalsaken fan Hearrenfean Hans Vonk.