Bitgum wint yn eigen doarp

23 aug 2014 - 18:21
  • Winner Bitgum

Johan van der Meulen, Kor Zittema (ferfanger fan de blessearre Cornelis Terpstra) en Tsjisse Steenstra fan Bitgum hawwe sneon de haadklasse ôfdielingspartij yn eigen doarp op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-5 en 6-4 te sterk foar Simon Zijlstra, Erwin Zijlstra en Pier Piersma fan Easterlittens.

De lytse preemje gong nei Ljouwert mei Gert-Anne van der Bos, Hans Wassenaar en Daniël Iseger, dy't de heale finale ferrassend mei 5-3 en 6-4 ferlearen fan Bitgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)