Hekman prolongearret NK-titel

23 aug 2014 - 17:11

Gary Hekman hat sneon syn titel prolongearre by it Iepen NK skeelerjen. Yn Hallum wûn Hekman yn in spannende einsprint fan de mearfâldich wrâldkampioen Bart Swings út België. It tredde plak wie foar Niels Mesu.

Bob de Vries fan De Haule moast opjaan, mar pakte al de Willem Poelstra Trofee foar meast striidlustige rider. By de froulju gong de oerwinning nei Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule.

Trefwurden: 
Hallum skeelerjen Gary Hekman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)