Horizon Festival yn Ljouwert

23 aug 2014 - 12:39
  • Karibyske drumband op it Horizon Festival

Yn de Ljouwerter Frijheidswyk is sneon de twadde edysje fan it Horizon Festival úteinset. De iepening waard dien troch boargemaster Ferd Crone. It festival waard ferline jier foar it earst organisearre fanwege de kandidaatstelling as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Doel fan it evenemint is om de ferskate nasjonaliteiten en kultueren út de Frijheidswyk by elkoar te bringen. Der wenje yn de wyk minsken fan tsientallen ferskate nasjonaliteiten.

Der steane 14 artysten op it festival. De organisaasje hopet op sa'n 2.000 besikers.

Njonken muzyk is der ek eksoatysk iten. Ek binne der aktiviteiten foar bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)