Jongerein 'dakleas' yn Blessum

23 aug 2014 - 12:30
  • De tsjerke yn Blessum

Yn Blessum sil in groep jongeren sneontenacht ûnderfine hoe't it is om as earme dakleaze bûtendoar te sliepen sûnder foarsjennings. De nacht sûnder dak wurdt organisearre troch Geloven058, in inisjatyf fan de gearwurkjende Ljouwerter tsjerken. Dielnimmers moatte kartonnen doazen, seil en plakbân meinimme om dêr in ienfâldich skûlplak mei te bouwen.

Alle sliepers litte har sponsorje. De opbringst fan de aksje giet nei earme jonge dakleazen yn ûntwikkelingslannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)