Westereenders oppakt mei drugs
Yn Noardburgum binne freed twa manlju fan 24 en 25 jier út De Westereen oppakt foar it besit fan en de hannel yn drugs. It duo waard op in parkearterrein lâns de Ryksstrjitwei trappearre troch surveillearjende plysjeminsken. Ien fan de manlju hie sluven mei speed yn de auto. De oare fertochte hie ek drugs by him.
Beide manlju binne oppakt, de drugs binne yn beslach naam.