Wout Droste is wer thús

23 aug 2014 - 10:40
  • Wout Droste

Cambuurspiler Wout Droste is wer thús. De fuotballer rekke freed yn de wedstriid tsjin Heracles by in botsing út de tiid en waard nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat de spiler in swiere harsenskodding oprûn hat. Droste hat de testen yn it sikehûs sneontemoarn goed trochstien en mocht sadwaande fan de dokters wer nei hûs ta.

Wannear't Droste wer ynsetber is by Cambuur, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)