Aksje tsjin misbrûk sjofeurs

Transportbedriuw Oenema op It Hearrenfean moat net langer wurkje mei goedkeape Bulgaarske sjofeurs. Dat wie it doel fan in aksje fan it fakbûn FNV, dy't freed by it bedriuw fan Oenema plakfûn. Neffens it fakbûn is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje. De sjofeurs krije fierstente min betelle. Faaks wurkje de Bulgaren foar net- besteande bedriuwen yn Bulgarije, om de regels te ûntdûken.
Dat komt in soad foar, seit Edwin Atema fan FNV Bondgenoten. De direksje fan Oenema kaam lykwols net nei bûten om mei de aksjefierders te praten.
Der wurdt no besocht om de opdrachtjouwers fan Oenema sa fier te krijen, dat se in transportbedriuw sykje dat de sjofeurs wol goed betellet.