Monumint MH17 yn wetter smiten

22 aug 2014 - 17:30

It betinkingsmonumint foar de slachtoffers fan flucht MH17 yn it Thalenpark yn Drachten is yn it wetter smiten. Dat is dien tusken acht oere tongersdeitejûn en acht oere freedtemoarn. De betinkingsstien lei earst mei knuffels en blommen foar in beam.

Tuyen Bui wie de inisjatyfnimmer fan de stille tocht en it betinkingsmonumint. Se is lilk, omdat de stien fuortsmiten is. It is noch mar de fraach oft it monumint yn it Thalenpark werom komme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)