Tûzenen euro's troch IceBucket

22 aug 2014 - 16:27

Sa'n tritich minsken ha freedtemiddei meidien oan de Ice Bucket Challenge by Omrop Fryslân. Se lieten trije shovels mei iiskâld wetter oer har hinne smite. De ludike aksje hat oant no ta 4675 euro opsmiten foar ûndersyk nei de deadlike sykte ALS. It grutste bedrach, 3700 euro, kaam fan CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. Hy hie in oprop op twitter dien om him te sponsorjen. De oare dielnimmers ha 675 euro ynsammele.

Ek op it steatejacht fan de provinsje is meidien oan de aksje. De buisinessklup fan SC Hearrenfean lei dêr 300 euro yn.

Simmer-yn-Fryslân presintatoaren Willem de Vries en Femke de Walle lieten har earder dizze wike útdaagje troch harkers en dat smiet hûnderten reaksjes op. Meiwurkers fan Omrop Fryslân en ek oare belangstellenden gienen de útdaging oan.

>> Mear foto's fan de Ice Bucket Challenge op Facebook
>> Sjoch hjir nei in slow-motion

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)