Harnzers ferniele pinautomaat

22 aug 2014 - 14:57
  • Pinautomaat

De plysje yn Harns hat tongersdei twa Harnzers fan 16 en 18 jier oanhâlden foar it fernielen fan in pinautomaat. It duo bewurke de automaat mei lym en in skroevedraaier. In tsjûge seach it en warskôge twa fytsplysjes. Dy sprutsen de jonges oan.

It útjeftefak foar it jild wie folsmard mei lym. It duo is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)