Frou yn Akkrum yn it wetter

22 aug 2014 - 14:52

In frou is freedtemiddei by Akkrum troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter by de Nije Skou fallen. De brânwacht rukte manmachtich út, ûnder oare mei de dûkers fan de brânwacht Ljouwert.

Al gau die bliken dat de frou sels wer út it wetter kaam wie. Se is foar de wissichheid troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre.

Trefwurden: 
wetter brânwacht Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)