Minder hurdriders op A7

Der binne 15 persint minder hurdriders op de sneldyk A7. Dat is it gefolch fan de aksje A7 feilich fan de plysje. De A7 stie bekend as in gefaarlike dyk dêr't in protte ûngelokken barden. De plysje hat twa jier yntinsyf kontrolearre op te hurd riden. Der binne mear as 5000 minsken oanholden en 180 rydbewizen ynnommen.
Fierders docht bliken dat de gemiddelde snelheid op de dyk net omheech gien is, wylst op guon plakken fan de A7 de maksimumsnelheid no 130 kilometer yn de oere wurden is.