'Aktivere oanpak swartriders'

Trein fan Arriva © Omrop Fryslân, Geale Groen
Swartriders yn de treinen fan Arriva moatte aktiver oanpakt wurde. Dat fynt de fraksje fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Neffens de partij kin it foar reizgers út om swart te riden, omdat der kwalik kontrolearre wurdt. De boete is 35 euro. Guon reizgers nimme it risiko op in boete en rekkenje dat as reiskosten.
Arriva rint op dizze wize ynkomsten mis. De ChristenUnie is benaud dat de kaartsjes dêrtroch miskien wol djoerder wurde.
De provinsje en Arriva ha ôfpraat dat ien op de trije treinen kontrolearre wurdt. De ChristenUnie wol dat opnij nei dy ôfspraken sjoen wurdt.