Nijkleaster Jorwert yn pleats

22 aug 2014 - 11:16

De Stichting Nijkleaster hat plannen foar de oankeap fan in pleats yn Jorwert. Doel is om it plak oan de Sluytermanwei om te foarmjen ta kleaster. Dêr kinne minsken in tal dagen hinne, mar har ek permanint fêstigje. De Stichting Nijkleaster is twa jier lyn oprjochte.

Op dit stuit is de Jorwerter tsjerke de thúsbasis fan de stichting. Wannear't de pleats in kleaster wurdt is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)