Fertochten minskehannel pakt

Húslik geweld © Omrop Fryslân
Twa Roemenen fan 21 en 25 jier binne yn Ljouwert oppakt yn ferbân mei minskehannel. Ek hat de plysje twa Roemeenske froulju fan 16 en 17 jier arresteard omdat se falske reisdokuminten hienen. Op de paspoarten stiet dat se mearderjierrich binne. Ut ûndersyk fan it minskehannelteam docht bliken dat de twa froulju twongen binne ta prostitúsje.
De froulju wurde op dit stuit opfongen. De rjochter hat yntusken besletten dat de manlike fertochten langer fêstsitten bliuwe moatte. It ûndersyk nei de minskehannel rint noch.