Chinook-helikopters op Flylân

Helikopter fan it leger (stockfoto) © Definsje
De kommende twa wiken oefenet definsje mei Chinook-helikopters boppe Flylân. Sawol oerdei as ek nachts wurdt der flein tusken de fleanbasis yn Ljouwert en de Vliehors Range. De piloaten riede harren ta op in missy nei Maly, takom oktober.
De oefenings kinne foar oerlêst soargje foar bewenners fan it Waadeilân.