Oanfallen mei haachskjirre
In 46-Ljouwerter is tongersdeitemoarn oppakt omdat er yn de Krijn van den Helmstrjitte in buertgenoat mei in haachskjirre oanfallen hat. It 28-jierrige slachtoffer rekke lichtferwûne. De twa Ljouwerters hienen al in langer rinnend konflikt.
De fertochte is nei de mishanneling útnaaid en letter oppakt.