Bou akwadukt Ljouwert fertrage

22 aug 2014 - 10:10

De oanlis fan it akwadukt yn de Drachtsterwei by Ljouwert rint mooglik in jier fertraging op. Neffens de planning moat it wurk oan de súdkant healwei septimber klear wêze, mar dat slagget oannimmer Heijmans net. De grûn is te hurd en dêrtroch duorret it oanbringen fan de daamwanden langer. Pas as it wurk oan de súdkant klear is, kin Heijmans oan de noardkant oan de slach. Dêr mei allinnich bûten it farseizoen wurke wurde.

Heijmans besjocht no oft der noch mooglikheden binne om dochs ek al oan de oare kant te begjinnen.

Slagget dat net, dan is it akwadukt pas ein 2016 klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)