Autocross Sint Anne skrast
De autocross yn Sint Anne fan dit wykein giet net troch. It grut tal reinbuien hat de baan oantaaste. Dy is no te glêd foar de auto's om op te crossen. De wedstriid yn Sint Anne makke diel út fan de NAC, de Noardelijke Autocross Club. De folgenjende cross fan de NAC is oer twa wiken, ek yn Sint Anne.