Bibelshop begjint pandjeshûs

21 aug 2014 - 21:00

Bibelshop De Stal yn Sint Anne is mei in twadde tak begûn; in pandjeshûs. Beide sitte no ûnder itselde dak. Je kinne der noch hieltyd bibels keapje en oare stichtlike saken, mar saken beliene kin tenei ek. Neffens Henk Zielman fan de oerkoepeljende stifting is in pandjessaak in goede wize om yn kontakt te kommen mei minsken dy't help nedich ha.

Winst meitsje is net it doel. De frijwilligers yn de winkel en it pandjeshûs wolle help biede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)