Bewenner pakt ynbrekker

21 aug 2014 - 20:48

In ferwarde man fan It Hearrenfean is tongersdei oppakt yn Weidum. De 30-jierrige man hie ynbrutsen yn in wenning oan de Hegedyk en klean fan de bewenners oandien. In buertbewenner seach de frjemde man yn it hûs en belle de eigner. Dy trof de man bûten op in bankje oan en warskôge de plysje.

De Feanster is oerdroegen oan de GGZ. Ut ûndersyk die noch bliken dat de man ek ynbrutsen hie yn de auto fan de bewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)