Anty IS-keunstwurk werom

21 aug 2014 - 18:29

Keunstner L.J. van Tuinen sil syn graffity-keunstwurk op 'e nij oanbringe op it Stephensonfiadukt yn Ljouwert. Earder dizze wike helle de gemeente it anty IS-statement fuort nei in melding oer graffity, wylst der gjin reden ta wie om't it fiadukt in legaal plak is foar graffity. Dat kaam troch in ferkearde registraasje by de gemeente. Dy hat har ekskús oanbean en sil de nije pleatsing betelje.

De stifting Graffityplatfoarm Ljouwert hat bemiddele tusken de gemeente en de keunstner.

De stifting hâldt tafersjoch op de keunstwurken op it fiadukt om't dêr eltse dei 10.000 auto's lânskomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)