F-16's eskortearje Russen

21 aug 2014 - 17:45
  • F-16

Twa F-16's fan de fleanbasis yn Ljouwert binne tongersdei oant twa kear ta meiflein mei twa Russyske bommewerpers. De bommewerpers kamen it Nederlânske loftrom binnen fia Denemarken en hiene in eskorte fan de Denen. De Ljouwerter F-16's namen dat oer. Doe't de Russen fia Nederlân nei Ingelân fleagen, naam de Ingelske loftmacht it eskorte oer. De Russen kearden om en fleagen fia it Nederlânske loftrom wer werom, mei de F-16's opnij as eskorte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)