Gjin hege pet op fan Ljouwert

De nije doarpen yn de gemeente Ljouwert hawwe noch net in hege pet op fan de Fryske haadstêd. Dat docht bliken út in enkête fan de gemeente. Ut de sifers docht fierder bliken dat der ûnfrede is oer de strjitferljochting en de klachte-ôfhanneling by de gemeente.
De enkête Leefomjouwing wurdt alle jierren hâlden. Troch middel fan in fragelist wurdt sjoen nei hoe't de ynwenners oer guon gemeentlike foarsjennings tinke. Dit jier is spesifyk sjoen nei ferskillen tusken de âlde gemeente en de doarpen dy't der mei de weryndieling bykaam binne.
Opfallend hjiryn is dat de nije ynwenners noch net sa grutsk binne op de stêd Ljouwert. De gemeente wol nei oanlieding fan de sifers ekstra ynsette op de doarpen.