Omrin Harns ferlet fan ynbring

It tekstyl wurdt útsocht © Omrin
De Kringloopwinkel yn Harns siket nij guod foar de ferkeap en om de winkel mei yn te rjochtsjen. Op 19 july gie de loads dêr't de estafettewinkel fan Omrin yn siet, troch in brân ferlern. De hiele ynventaris gie ferlern.
Omrin mei fan de gemeente in part fan de gemeentewerf oan de Westerseedyk brûke om it guod op te slaan. Omrin siket noch in gebou om de winkel tydlik yn te festigjen. It is de bedoeling dat Omrin oer in jier werom giet nei de lokaasje fan de âlde loads. Dêr sil dan in nije winkel komme.