Boargemaster stiet keamer ôf

21 aug 2014 - 16:10

De gemeente Hearrenfean hat tenei gjin boargemasterkeamer mear. Boargemaster Tjeerd van der Zwan makket plak foar fjouwer wurkplakken fan amtners.

De gemeente moat besunigje en wol in gebou ferhiere. De 80 amtners dy't dêr wurken, komme no nei it gemeentehûs. Neffens Van der Zwan hat hy gjin eigen wurkkeamer nedich, om't hy in soad bûten de doar is. De boargemaster krijt derom in flekswurkplak. Foar de ûntfangst fan delegaasjes is in oare romte fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)