Drokte foar gersdroegerijen

De gersdroegerijen yn Fryslân hawwe it op it stuit smoardrok. It wiete waar fan de ôfrûne dagen soarget derfoar dat in soad boeren noch gau efkes it gers bringe. Sa draait de gersdroegerij fan Easterwâlde op it stuit 24 oeren deis troch.
Grutte gersbulten lizze klear foar de ferwurking. It betsjut foar de wurknimmers dat se ekstra lange dagen draaie moatte. Dagen fan 12 oeren binne gjin útsûndering.