30 moanne sel foar ferkrêfter

It Gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Ljouwert hat tongersdei yn heger berop in 27-jierrige Snitser feroardield ta in selstraf fan 30 moanne foar it ferkrêftsjen fan pisjende froulju op ferskate festivals.
De straf is dêrmei seis moannen langer as de rjochtbank earder útmakke. De man wie ûnder oaren aktyf op de Snitswike en de fiskerijdagen yn Harns. De straf is leger as it Iepenbier Ministearje tsjin him easke.