Kealledykje wurdt Topsporthal

Noch in pear wike en dan kinne ûnder oaren de basketballers fan Aris wer los yn harren fernijde sporthal. It Kealledykje yn Ljouwert wurdt op dit stuit ferboud ta in Topsport-plus-hal. It wurk leit op skema.
Neffens Johan Meijer fan Aris kinne de ferienings heal septimber wer gebrûk meitsje fan de hal, Aris kin der dan wer traine en op 11 oktober spilet Aris syn earste kompetysjewedstriid yn it nije Kealledykje.